Tusken heiten en soannen

Diel 13 fan ‘In Fryske Odyssee’

Tusken heiten en soannen voorzijde
Tusken heiten en soannen achterzijde
  • Tusken heiten en soannen voorkant
  • Tusken heiten en soannen achterkant

Tusken heiten en soannen is it trettjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996. Tusken heiten en soannen is it ferfolch op Tusken twa planeten. De eardere geitehoeder Mardoek is mei de astronauten fan de tolfde planeet wer op Ierde oankommen. Mei de kennis fan planeet An wurdt de ûntwikkeling yn it gebiet fan de Eufraat en de Tigris yn gong setten. Mei de bou fan twa stêden, Oer en Oeroek, ûntstiet yn relatyf koarte tiid in kultuer dy’t sûnder help fan de Anners net mooglik west hie. As Mardoek âld wurden is, sjocht er mei syn An-freonen werom op it enervearjende libben op twa planeten. Dêrnei nimt er ôfskie fan harren en kin er de holle rêstich dellizze op it plak dêr’t er foar it earst har romteskip sjoen hat.

Specificaties
ISBN/EAN 9789464247831
Auteur Willem Tjerkstra
Uitgever Aspekt B.V., Uitgeverij
Taal Nederlands
Uitvoering Paperback / gebrocheerd
Pagina's 316
Lengte 232.0 mm
Breedte 152.0 mm

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.