Op'e Njoggende Planeet

Diel 25 fan 'In Fryske Odyssee'

Op'e Njoggende Planeet voorzijde
Op'e Njoggende Planeet achterzijde
  • Op'e Njoggende Planeet voorkant
  • Op'e Njoggende Planeet achterkant

Op ’e njoggende planeet is it fiifentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002. Troch in boppenatuerlike ûnderfining komt de auteur yn syn syktocht nei de oplos-sing fan it besteansmystearje op ’e njoggende planeet telâne. Dêr moetet er Bouke Blomhof, syn mem en beide pakes en fierder skriuwers, skilders, komponisten, wittenskippers en filosofen: Harry Mulisch, Ernest Hemingway, Albert Einstein, Albert Camus, Alexander Solzjenitsyn, Arvo Pärt, Stephen Hawking, Vincent van Gogh, Gustave Mahler, Sigmund Freud, Edvard Munch, Friedrich Nietzsche, Jean-Jacques Rousseau, Baruch Spinoza, Augustinus, Titus Lucretius Carus, Socrates, Plato en Jezus Kristus. Dante Alighieri, dy’t earder gids wie troch de moderne hel, bringt de auteur fan de iene persoanlikheid nei de oare. By elk docht er in partsje fan de wierheid op, mar ta de ‘Teory fan Alles’ komt it net. De ierde is op ’e nij syn bestimming.

Specificaties
ISBN/EAN 9789464624724
Auteur Willem Tjerkstra
Uitgever Aspekt B.V., Uitgeverij
Taal Westerlauwers Fries
Uitvoering Paperback / gebrocheerd
Pagina's 272
Lengte 232.0 mm
Breedte 152.0 mm

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.