Krêft fan it folk

Krêft fan it folk voorzijde
Krêft fan it folk achterzijde
  • Krêft fan it folk voorkant
  • Krêft fan it folk achterkant

Krêft fan it folk is it achtste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft en Krêftfjilden wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986. Yn Krêft fan it folk spilet de paradoks fan ienheid en skieding in rol. Op it skilderij 'Prosesje yn it gûvernemint Koersk' fan de Russyske skilder Ilja Repin sjocht men de ienheid fan de Narod (folk), dat him ûnderdrukt fielt troch de machthawwers. It skilderij 'Presidint Lincoln hâldt in rede' fan de Frânske skilder Jean-Léon Gérôme' sprekt ek fan ienheid, nei de skieding en boargeroarloch tusken de noardlike en súdlike steaten fan de Feriene Steaten. Trije keunstners yn It Heidenskip litte yn de galery fan Minke Blomhof-Bonnema keunstwurken sjen dêr't in protte folk op ôf komt: de krêft fan it doarpsfolk, hoewol't ien fan dy keunstners op ôfstân bliuwt. It folk, grut of lyts, is altyd ûnderweis nei in bestimming dêr't gjin sprake mear is fan de paradoks fan ienheid en skieding.

Specificaties
ISBN/EAN 9789464249361
Auteur Willem Tjerkstra
Uitgever Aspekt B.V., Uitgeverij
Taal Nederlands
Uitvoering E-Book
Pagina's 236

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.